Sla over naar de inhoud

Interview Pompebled met Paula de Jong

Pompeblêd nû. 248 Maart 2017

“Even voorstellen”

pompebled-maart-2017Boekpresintaasje: By ús yn de Mersken

Op in skiere Maartemoarn ryd ik wer ris De Mersken yn, in hoeke fan de gemeente Opsterlân, dy 't der noch hiel fredich bij leit. Al is it skier en wat wetterkâld, doch binne der al minsken, dy't hjir in hoekje bosk en heide opsykje om de rêst te finen, dy ’t op safolle oare plakken fersteurd wurdt troch motorisch geweld.

Hoe wie it hjir eartiids, hoe wienen en binne de minsken hjir, wat is hjir allegearre bard? Oer De Mersken, sa om en nei bij Oerterp en Sigerswâld, wurdt ús in hiele protte út de doeken dien yn it boek fan Paula de Jong, dat op sneon 8 April middeis presentearre wurdt yn it mfc De Wier yn Oerterp.

Hoe kamen jo ta it skriuwen fan dit boek?

Paula wennet mei har man Willem op in bedriuw yn De Mersken. Sy krige as 16 jierrige faam ferkearing mei Willem de Jong , dy ’t mei syn famylje op in boerespul yn De Mersken wenne.

Yn 2013, doe ’t Paula har skoanmem ferstoar, fûn sy in steapeltsje brieven fan har skoanheit Hendrik de Jong, dy't doe ek al 10 jier wei wie. Sy krige dêrbij ek ynformaasje oer syn oarlochtiid as jonge man ; dy tiid, dêr ’t yn de famylje nea oer praat waard. Doe tocht sy; dêr wol ik in boek oer skriuwe. Tinken is ien en dwaan is punt twa.

Hoe tochten jo dat op te setten?

It wie Paula har opset, foaral datjinge te beskriuwen, wat de minsken dienen, fielden, tochten en belibben yn en nei de oarlochstiid. Oan de hân fan de ferhalen fan âldere bewenners fan de streek, troch it neigean fan histoaryske feiten en fragen oan famyljeleden en mei help fan deskundigen fan archeology en skiednis is har boek groeid.

Wêr kinne wy dit boek pleatse?

Wij kinne it beskôgje as in famyljeskiednis, alhiel pleatst yn en mei de skiednis en histoaryske fynsten fan dizze streek. Foar allinne keale histoaryske feiten fielde Paula neat. Sy woe foaral yn har boek fertelle oer hoe 't de minsken hjir de tiid belibben en dêr har part en diel oan hienen.

Hoe komt it, dat minsken yn in hokje pleatst wurde nei de oarloch? Wat dienen sy ferkeard, sûnder dat sy dêr erch yn hienen? Wat bard der as de oarloch oer is mei dy minsken? Hoe fiele de plattelanners har en wat pakke sy oan yn de tiid nei de oarloch?

Hoe ha jo it boek yndield?

It boek is yndield yn fjouwer stikken. It earste stik giet oer it deistich libben foar de twadde wrâldoarloch. It twadde stik giet oer de tiid fan oarloch en befrijïng, thúskommen en efterlitten, en dan de tiid fan opbou. Meielkoar de skouders der ûnder! De ruilferkavelingen op it plattelân, de foarútgong op it bedriuw en yn 'e hûs, streekferbetteringkommisjes en kursussen.

It fjirde part is wijd oan de Revue Agrarika fan Harm de Wilde út Oerterp, oer syn skriuwtalint en foarútsjende blik.
It is in boek wurden fol ynteresse yn de streek en gefoel foar de minsken. Paula hat har ynlibbe yn dy tiid en yn de driuwfearren fan de minsken doe. It is grif tige de muoite wurdich dat te lêzen!

Pjirkje Idsinga